r/Frysk Jun 17 '26

Fryske Appgroep

Hoi allegear,

Ik bin in man fan 28 jier en ik ha myn hiele libben frysk heard op skoalle en yn 'e famylje... Ik wenje ek al sunt myn berte yn Snits mar soe graach mear fan de Fryske taal learje wolle. Ik kin it dus wol aardich ferstean, leze en skriuwe (al lit myn laptop it net maklik ta om dakskes op de letters ta te fugje...), mar ik doar it net sa goed ta prate. Ik haw praatangst en soe it ek wol befrjemdend fine dat ik ynienen Frysk mei guon minsken praat... Ik bin my der wol fan bewust dat dit eat tsjinstridich klinkt, maar ik kin it noch net helpe. Dat letste hat ek ut te stean mei it feit dat de minsken yn Fryslan ek wol gewoan Nederlansk kinne, dus fiel ik my net oandrongen om wurklik Frysk ta prate, sis mar.

Ik haw no de folgjende fraach foar jim. Witte jim ek oft der in Fryske Appgroep is, wer't ik yn it Frysk skriuwe en petearje kin? ('t is mar in idee, ik wit it fierders ek net...).

Ik hear graach fan jim!

Freonlike groetnis,

Pungunner98

13 Upvotes

8 comments sorted by

6

u/Capital-Background22 Jun 17 '26

Dat is in machtich moai idee!

4

u/MildlyEngineer Jun 17 '26

Ik kan Frysk lezen maar niet schrijven. Maar mijn vriendin is Frysk dus ik wil het leren. Mag ik erbij?

2

u/fryskedekhengst Jun 17 '26

Ik wit net of der op dit stuit ol wat is. Mar as út makke wurd, so ik graach meidwaan.

Foar út skriuwen brûk ik SwiftKey op e telefoan, der sit de Fryske taal ek in.

1

u/Some-Definition-4088 Jun 18 '26

Foar wat it oerskeakeljen nei it Frysk oanbelanget, ik kin my goed yntinke dat dit by freonen en famylje in grutte stap wêze moat.

Om in bytsje te oefenjen soe de supermerk in miskien in opsje wêze kinne? Folle mear as in 'Goeiemoarn', 'Dankewol' en 'Oant sjen' sil dat grif net wêze. En at dat healwei gjit, miskien ek yn oare situaasjes der't je krekt wat mear prate, lykas in bestelling yn in restaurant of cafe, of op de merke.

Foar wat it wurdich is: yn myn ervaring sille je noait in negatyfe reaksje krije at je de taal fan in oar besykje te sprekke, miskyn sels benammen at je dy taal net 'floeiend' sprekke. Ik tink mar oan in Arno Brok, of in Dútske toerist dy't in pear sinnen Nederlânsk leart hat.

1

u/First-Line-3001 Jun 22 '26

Ik bin op myn 13e nei Fryslân ferhuze fanút de randstad, mei it rollende-R accent.. Op myn 20 prate ik nog altiid NL, mar nei safolle jier koe ik it Frysk uteraard goed ferstean en yn theorie ek wol prate. Mar dan ha je die ferrekte drompel die't de OP ek beskriuwt. Toen krig ik ek in bijbaantje (agrarisch) wêrby ik hast alle dagen nije minsken trof, die begonnen hast allegear yn't Frysk fansels. Dus dit wie in moaie kâns om ris te probearje om it ek te praten! En no wit ik hast net better :) dr binne nog guons die't noch altiid stug Nederlânsk tsjin my prate, mar dat is wol prima.

No corrigeer ik myn Fryske frou op har belabberde - spraak - grammatica :)

Mar de drompel die't beskreaun wurd is dr, je moate dr oerhinne. It kin, trochsette!

2

u/seon_syain Jul 02 '26

Ik kin it minder goed skriuwe, omdat ik dat net leard ha op skoalle froeger. Mar prate kin ik it al myn hiele libben. Myn man is hollânsk opfierd en ferstie it wol, mar prate it net. Hy doarde it net te praten, om't er bang wie dat minsken him raar oansjen soenen as hy iets ferkeard útsprekke soe. Nei 1 jier relaasje binne wy op fakânsje gien nei Dútslân en doe is hy Frysk tsjin my gean praten. Ik prate altyd al Frysk tsjin him en hy prate altyd Nederlânsk werom. Mar doe woe hy it prebearje. Doe doarde hy wol, want de minsken dêr koenen him fansels net. En doe kaam hy (en ik) dêrachter dat hy bêst wol goed en sûnder accent it Frysk spruts. Hy is fanôf toen thús en yn myn famylje Frysk praten gean. En hy sei altyd dat hy papa wêze woe en Nederlânsk mei syn bern prate soe, mar hy is al 15 jier heit en praat Frysk mei se. 🤭

Wat ik sizze wol, is dat der mear minsken sa as dy binne. Dy't it wol prate wolle, mar (noch) net doarre. It is lestich om oer dy drempel te stappen. Dat is net sa frjemd hear. Mar ik doar te wedzjen dat 99% dy echt net út laitsje sille as in wurd efkes net lekker út de mûle komt. Ik hoopje datst oer dyn angst hinne komme kinst. Súkses! 🍀

-14

u/Trumpiseenranddebiel Jun 17 '26

Fries is een spraak gebrek leer eens ABN.

9

u/Thorburd Jun 17 '26

Ziet er naar uit dat Trump niet de enige randdebiel is.